Timo van Buiten

Mei sekuerens, oandacht en iver wurket notarisklerk Timo van Buiten syn dossiers ta yn de puntsjes út. As driuwende krêft efter de skermen is syn wurk faak ûnsichtber mar likegoed krekt sa ûnmisber. Syn persoanlike útdaging is om elk klanttrajekt sa te organisearjen dat net ien foar ûnferwachte situaasjes komt te stean. Mei mear as tritich jier ûnderfining yn it notariaat is Timo dé fraachbaak binnen ús team.