Sigrid Kuikman

Elk dossier dat op it buro fan notarisklerk Sigrid Kuikman bedarret, foarmet in stikje fan in folle grutter libbensferhaal. As agrarysk spesjalist is se fan tichtby tsjûge fan alle stappen binnen it famyljebedriuw. Of it no in maatskip is fan heit en soan, in bedriuwsoername of de ferkeap fan in boerebedriuw; Sigrid is as notarisklerk it earste oansprekpunt foar fragen en advys. In rol dy't se al mear as tritich jier ferfollet en beskôget as in hiele ear.