Mr. Margriet de Vries- Brouwer

Kandidaat-notaris Margriet de Vries-Brouwer is spesjalisearre yn famyljerjocht en erfrjocht. Har doel is om yngewikkelde matearje sa te fertalen dat it rjocht yn de praktyk wurket sa't de klant it foar eagen hat. Dêrby komme har soarchfâldigens en Fryske nochterens goed fan pas. Margriet nimt alle tiid foar har klanten en giet gjin útdaging út 'e wei. Dêrby hantearret se ien kredo: foar't de úteinlike hantekening set wurdt, moat alles dúdlik wêze.