Annie de Jong

Notarieel meiwurker en resepsjoniste Annie de Jong is foar ús besikers faak it earste oansprekpunt. Yn de mande mei har kollega's Petra en Maaike sit se op de resepsje. Mei har waarme persoanlikheid en freonlike laits wit se minsken fuortdaliks op harren gemak te stellen. Dêrneist wurket Annie as notarieel meiwurker oan ferskate dossiers op it mêd fan famyljerjocht. Krekt yn dy kombinaasje leit Annie har krêft: fakfrou en gastfrou.