Kavelruil

Foar in kavelruil of grutskalige agraryske projekten binne jo by Sekuer Notarissen oan it goede adres. Ús agrarysk spesjalisten Mr. Tineke Castelein en Sigrid Kuikman stean klear om dit fan begjin oan ein foar jo te regeljen.

By in kavelruil moatte op syn minst trije partijen registergoed ynbringe en op syn minst twa fan harren moatte boppedat as ruiler optrede.
Foar kavelruil jildt in romme regeling foar it frijstellen fan oerdrachtsbelesting. Ek gebouwen yn it bûtengebiet kinne yn de beneaming komme en boppedat jildt gjin termyn fan tsien jier lykas by de lânboufrijstelling.

It meitsjen fan de earste opset, it opstellen fan alle stikken en úteinlik it passearjen fan de akte, wurde dêrby allegear troch ús agrarysk spesjalisten fersoarge.


Sekuer Notarissen is Agri-notaris
Ús agrarysk spesjalisten binne lid fan de Vereniging voor Agrarisch Specialisten in het Notariaat (VASN). Sy hawwe har spesjalisearre en binne ferplichte om har jierliks by te skoaljen. Sadwaande is saakkundichheid en aktuele kennis fan Sekuer Notarissen op juridysk en agrarysk mêd in wissichheid.

Agri-notariaat: agrarysk advys en mear...
Yn it boerebedriuw binne mear saken anneks mei it fuortbestean fan in bedriuw as allinnich it lân en/of it fee. Sekuer Notarissen advisearret ek by bedriuwsoerdrachten, houliksbetingsten of partnerskipsbetingsten, testaminten etcetera. Foar de agrariër, syn opfolger(s) en syn neiste famylje binne wy in betrouber, betûft spesjalist.

Kontakt mei Sekuer de Agri-notaris
Wolle jo mear ynformaasje oer agrarysk notariaat? Nim kontakt mei ús op. Wy helpe jo graach fierder, sawol op ús kantoar yn Surhústerfean as by ús loket yn Bûtenpost binne jo fan herte wolkom

Oaren oer Sekuer

“Een goed gesprek gehad. De notaris nam de tijd om dingen tot in detail uit te leggen en zorgde ervoor dat ik op mijn gemak was. Ik ben uitstekend geholpen!”

- E.Postma

“Myn sus Nynke en ik binne jimme och sa tankber foar alle help die't jimme ús jûn hawwe mei it hommels ferstjerren fan ús heit en koart dernei ús mem. Sûnder jimme help wiene wy net by machte west om yn disse emosjonele situaasje de holle derby te hâlden.”

- Aaltje van der Velde

Ek wat foar jo?