Oerdracht wenning

In wenning kocht? Dan hawwe jo in keapoerienkomst tekene. De offisjele akte en oerdracht of levering fan de wenning ferrint yn Nederlân fia de notaris. Sa binne alle juridyske saken goed regele en witte sawol de ferkeaper as jo wat de rjochten en plichten binne by de oerdracht fan it hûs.

Bewekjen finansjele fuortgong
Wy bewekje de finansjele fuortgong by de oerdracht fan in wenning. Dat betsjut dat wy yn de gaten hâlde dat it jild dêr't jo de wenning mei oankeapje, beskikber is, bygelyks troch in liening by de bank. Mei ús jierrenlange ûnderfining witte we alles fan it opstellen en passearjen fan hypoteekakten. Mocht der wat net yn oarder wêze, dan merke we dat yntiids op en lûke oan de bel.

Oerdracht fan de wenning by Sekuer Notarissen
Tegearre mei de ferkeaper fan jo wenning komme jo nei de lêste wenningynspeksje nei ús kantoar. Nei it trochnimmen en tekenjen fan de leveringsakte en it oerlangjen fan de kaaien, is de wenning offisjeel jo eigendom. Hawwe jo sels ek jo wenning ferkocht? Wy kinne de ferskate oerdrachtsmominten op elkoar oanslute litte.

In eigen hûs, tink grutter as it besit!
Wannear't jo in eigen hûs besitte, is it ferstannich om mear saken te regeljen as allinnich de hypoteek. In soad minsken tinke wol oan it regeljen fan fersekeringen, mar ferjitte te registrearjen oan wa't de wenning (of de hypoteekskuld dêrop) takomt by ferstjerren of skieding. By gearlibjen kinne jo de ferdieling fêstlizze litte yn in gearlibbingskontrakt. Ek foar gearlibbingskontrakten en testaminten, of in houlik ûnder betingsten, kinne jo terjochte by Sekuer Notarissen. Nim kontakt mei ús op foar it trochnimmen fan alle winsken en mooglikheden.