Testamint

It nut fan in testamint wurdt troch in soad minsken erkend. Dochs wurdt it opstellen derfan faak útsteld. As der gjin testamint opmakke is, dan hearre besittingen en skulden neffens de wet ta oan de langstlibjende partner. Eventuele bern hâlde it rjocht op har bernepart yn de foarm fan in jildfoardering. In testamint meitsje jo op om útsûnderingen te meitsjen op de wetlike regeling. We neame in pear redenen wêrom't it ferstannich is om in testamint opmeitsje te litten.

Wêrom in testamint opmeitsje litte? In pear redenen:

1. Útsûnderingen yn de famylje - Bygelyks as jo bern út in eardere relaasje fan jo partner ek erfgenamt meitsje wolle. Of krekt wannear't jo in bern ûntervje wolle, of gjin bern hawwe.

2. Opeaskberens fan de jildfoardering - Yn prinsipe kinne bern har jildfoardering (bernepart) pas opeaskje as de langstlibjende âlder ferstjert, fallyt giet of yn de skuldsanearring bedarret. Wannear't jo de opeaskberens oanpasse, dan kinne bern bygelyks by ferhúzjen fan de langstlibjende âlder nei in fersoargingstehûs, har part krije. Dat kin fiskaal oantreklik wêze foar de âlder, bygelyks foar de Wet Langduorjende Soarch. Ek by op 'e nij trouwen fan de langstlibjende âlder kin it praktysk wêze om de berneparten fêst ta te kennen.

3. Útsluting fan eks-skoanbern - In faak foarkommende reden foar it opstellen fan in testamint. Mei dy útsluting foarkomme jo dat eks-skoanbern dy't ea yn mienskip fan goed mei jo bern troud wiene, oanspraak meitsje kinne op de helte fan it bernepart fan jo bern. Jo foarkomme dus dat eks-skoanbern (yndirekt) ervje.

4. Jo libje gear - Gearlibjenden hawwe neffens de wet gjin rjocht op de besittingen en skulden fan de partner. Ek in gearlibbingskontrakt dekt dat net. As jo dochs fan elkoar 'ervje' wolle, dan is it opmeitsjen fan in testamint it meast praktysk.

5. Mei in goed testamint kinne jo faak ek in soad erfbelesting besparje.

 

Testamint opmeitsje by Sekuer Notarissen
Neist boppesteande binne noch tal fan redenen te betinken wêrom't in testamint praktysk en stypjend is. Wolle jo mear ynformaasje oer it opmeitsjen fan in testamint en wolle jo witte hokker bepalings foar jo situaasje fan tapassing binne? Kom dan lâns foar in petear, wy ynformearje jo wiidweidich en dúdlik. En by ús kinne jo gewoan Frysk prate. Nim kontakt mei ús op.

Oaren oer Sekuer

“In onze situatie heeft het kadaster een erfgrens aangepast na het passeren van de akte.Dit hadden ze nog nooit meegemaakt maar wel correct afgehandeld.”

- Ralf