Fâdij

It oanwizen fan in fâd wurdt troch in soad âlders bepraat. It ek werklik beneamen bliuwt der faak by. It beneamen fan in fâd kin ûngemaklike en skealike situaasjes foar bern tefoaren komme. Oerwaach, as jo bern hawwe, altyd it regeljen fan de fâdij.

Wat docht in fâd?
Wannear't beide âlders ferstoarn binne (of der is gjin âlder mear mei âlderlik gesach), oefenet in fâd it gesach út oer minderjierrige bern. In fâd wurdt troch beide âlders beneamd yn in losse akte of as ûnderdiel fan it testamint. It is ek mooglik om noch in reservepersoan oan te wizen as fâd. De earstneamde hoecht de fâdij nammentlik net te oanfurdigjen.

De fâdij giet yn as de lêste âlder ferstjert en de beneamde fâd dy beneaming dêrnei ek oanfurdige hat. By it ferstjerren fan de earste âlder hâldt de oerbleaune âlder allinnich it gesach en is gjin fâd nedich.

Fâdij regelje? By de notaris lâns!
Wy helpe jo graach by it fêstlizzen fan de fâdijbeneaming. Wy kinne jo dan ek wize op oare saken dy't neffens ús fan belang wêze kinne yn jo situaasje. Nim kontakt mei ús op foar it meitsjen fan in ôfspraak.

Oaren oer Sekuer

“Goed en plezierig gesprek gehad met de notaris. De belangrijke punten uit de akte van levering en hypotheek akte zijn tot in detail uitgelegd. Ook de voorbereiding door een collega was keurig geregeld.”

- R. Deelstra