Levering fan oandielen

Oan de oerdracht of levering fan oandielen yn in BV komt altyd in notaris te pas. Allinnich oandielen oan toander fan in NV (it type oandiel dat op de beurs ferhannele wurdt), kinne sûnder tuskenkomst fan in notaris oerdroegen wurde.

Oerdracht fan oandielen? Sekuer Notarissen regelet it.
By in oerdracht fan oandielen tekenje beide partijen de notariële akte by de notaris. Ús rol is kontrolearjend, wy checke ûnder oaren oft de ferkeaper de rjochtmjittige eigner is fan de oanbelangjende oandielen en hoe't hy of sy de oandielen krigen hat. Ek kontrolearje we oft de oandielen ferpâne binne of dat der oare skulden op rêste. Yn de akte lizze we neist de priis fan de oandielen, ûnder mear de bepalings oangeande it beteljen, it momint fan oerdracht en it type oandiel fêst. Nei de oerdracht moat de nije eigner byskreaun wurde yn it oandielhâldersregister fan de BV en faak moatte wizigingen trochjûn wurde oan de Keamer fan Keaphannel. Ek dêr nimme we graach soargen fan jo wei en regelje dat graach foar jo.

Oandielen oernimme of oerdrage?
Wy helpe jo fierder en wize jo op alle wichtige punten yn it oerdrachtsproses. Nim kontakt op foar mear ynformaasje.

Oaren oer Sekuer

“In onze situatie heeft het kadaster een erfgrens aangepast na het passeren van de akte.Dit hadden ze nog nooit meegemaakt maar wel correct afgehandeld.”

- Ralf