Fúzje of splitsing

In fúzje is it gearranen fan twa ferskate bedriuwen. By in splitsing wurdt (in part fan) it bedriuw selsstannich fuortset yn in aparte rjochtspersoan, meastal in nije BV.

Fúzje tusken BV's en oare rjochtsfoarmen
By it fusearjen fan twa BV's kin keazen wurde foar in saneamde juridyske fúzje wêrby't beide bedriuwen hielendal gearrane. Fúzje is de oanwiisde wei by werstrukturearring fan it bedriuw, wêrby't ek fiskale foardielen of de ferienfâldiging fan de BV-struktuer faak de oanlieding is.

In fúzje is ek mooglik by oare rjochtsfoarmen, lykas stichtingen, ferienigings of tsjerken. Ek dêr ha wy in romme ûnderfining yn.

Splitsing fan in ûndernimming, regelje it mei de notaris oan jo side.
Wannear't it ferlet ûntstiet om in diel fan it bedriuw ûnder te bringen yn in aparte fennoatskip, as selsstannich ûnderdiel fan de organisaasje, dan kin der in splitsing plakhawwe. Splitsing soarget foar skieding fan bedriuwsrisiko's binnen de ûndernimming as der ferskate soarten wurksumheden binne. Ek minder plezierige omstannichheden, sa as spul tusken eigners, kinne de boarne wêze foar in splitsing. Splitse kin op ferskate wizen, bygelyks fia in juridyske splitsing, in ôfsplitsing of mei in aktiva-passiva transaksje.

Fusearje of splitse? Sekuer Notarissen helpt jo fierder.
Lit jo sawol by fúzje as splitsing goed en dúdlik ynformearjen. Yn kleare wurden en sûnder poespas. Wy biede jo alle ynformaasje en regelje de offisjele wiziging fan begjin oant ein. Nim kontakt mei ús op foar advys.

Oaren oer Sekuer

“Goed en plezierig gesprek gehad met de notaris. De belangrijke punten uit de akte van levering en hypotheek akte zijn tot in detail uitgelegd. Ook de voorbereiding door een collega was keurig geregeld.”

- R. Deelstra